FDF ferliest koart pleit, demonstraasjeferbod mei trekkers bliuwt stean

09 jul 2020 - 12:16

It ferbod op demonstraasjes mei trekkers en oare lânbouweinen yn Grinslân bliuwt stean. Dat hat de rjochter yn Grins bepaald. Aksjegroep Farmers Defence Force hie in koart pleit oanspand tsijn de Grinslanner feilichheidsregio, mar krige dus gjin gelyk.

De feilichheidsregio Grinslân wie de earste dy't in ferbod op demonstraasjes mei trekkers en oare lânbouweinen op de iepenbiere diken ynstelden. Letter diene Drinte en Fryslân itselde.

Farmers Defence Force wie it net iens mei it ferbod. Sy sizze dat it ferbod in beheining is fan it grûnrjocht op demonstraasjes. De rjochter giet net mei yn dy argumintaasje.

Foto: Kappers Media

De rjochter jout oan dat der gefaarlike situaasjes west ha mei trekkers. Sa rieden boeren bygelyks op it fleanfjild yn Eelde, dat ek de basis is foar de traumahelikopter fan it UMCG.

Demonstrearje mei wol

It oardiel fan de rjochter betsjut net dat boeren net demonstrearje meie, it mei allinnich net mei lânbouweinen op iepenbiere diken.

In ôffeardiging fan Farmers Defence Force yn Grins - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Parserjochter Jeff Biesma: "In beginsel mogen ze die trekkers dus niet gebruiken als demonstratiemiddel. Dus als ze op een trekker komen, is dat verboden tot volgende week maandag."

Parserjochter Jeff Biesma

(advertinsje)
(advertinsje)