Nije toarnbei yn Fryslân? "Het is de geboorte van een nieuwe soort"

09 jul 2020 - 11:50

Der is nei alle gedachten in nije toarnbeiesoarte fûn yn Fryslân. Toarnbeie-ekspert Karst Meijer kaam de noch ûnbekende soarte tsjin by in ekskurzje.

Foto: Frank Dankmeijer/Wâldpyk

"Ik loop hier al meer dan veertig jaar rond en dan herken je weleens een braam die waarschijnlijk toch nieuw is voor de wetenschap", fertelt Meijer. Hy fergelike de nije toarnbei mei syn kolleksje en tinkt no in net earder sjoene toarnbei fûn te hawwen. "Ik heb hem op enkele plekken gevonden, dus ik denk wel dat het de geboorte van een nieuwe soort in Fryslân is."

De soarte is der nei alle gedachten al in aardich skoftke. "Hij is er altijd geweest, maar er zijn maar weinig mensen die goed naar bramen kijken. Men plukt wel bramen, maar dan weet men er nog niet zoveel van."

Rubus Frieslandicus

Meijer is optein oer syn nije ûntdekking. "Het is natuurlijk heel speciaal als je het veld ingaat en een nieuwe soort ontdekt." Koartlyn fûn Meijer al in oare nije toarnbei, de Rubus Frieslandicus. Ek de nije toarnbei sil in Fryske namme krije, seit er.

Toarnbeie-ekspert Karst Meijer oer de nije soarte

(Advertinsje)
(Advertinsje)