Stichting SOVIDZ meldt 'te strang' soarchsintrum Foswert by ynspeksje

09 jul 2020 - 10:32

De stichting Stop Onnodige Vrijheidsbeperking In De Zorg (SOVIDZ) hat it Ferwerter soarchsintrum Foswert meld by de ynspeksje. Neffens de stichting fan Berber Bijma leit Foswert har bewenners en de besite fanwegen it coronafirus noch te folle beheiningen op. Dat is yn striid mei wat minister De Jonge wol.

Foswert - Foto: Google Street View

It grutste diel fan de soarchynstellingen hat op 1 july alle beheiningen opheft. In protte bewenners kinne dêrtroch wer besite ûntfange of der sels op út. Foswert is ien fan de tolve ynstellingen dy't neffens SOVIDZ te strang binne. De oare alve sintra lizze bûten Fryslân.

In soad beheiningen

Foswert hat oankundige folslein op slot te gean as der in besmetting is. Dat is yn striid mei it belied fan de minister. Oare 'te strange' soarchsintra beheine de tiid foar besite ta in oere (of minder), stelle in maksimum oan besikers yn, litte besikers net ta op de keamer fan de bewenner of net yn it restaurant. Ek wurde bern ûnder de 18 soms tsjinholden of moatte besikers in mûlkapke op.

De SOVIDZ hat de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd frege om de ynstellingen foar takom moandei 12.00 oere te freegjen om it belied te ferromjen.

Direkteur-bestjoerder Jan Douwe de Jong Foswert wol der net mei Omrop Fryslân oer prate.

(Advertinsje)
(Advertinsje)