Simmerblog: Simmer yn Easterlittens

09 jul 2020 - 17:38

Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje. Se strike del yn ferskate doarpen en stêden yn Fryslân en besykje dy plakken te sjen troch de eagen fan de bewenners. Want, wat bart der yn de simmer?

Hjoed binne we de hiele dei yn Easterlittens. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen. Jûns om 17.15 oere, en dêrnei om 'e healoere, is Simmer yn Fryslân op telefyzje te sjen.

18:00
Simmer yn Easterlittens
18:00
Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Moarn binne wy der wer, dan is Simmer yn Fryslân de hiele dei op Skiermûntseach. Oant moarn!

17:38
"De moaiste klup yn de omkriten!"

"De moaiste klup yn de omkriten!" seit foarsitter Doede Ottema oer syn fuotbalferiening. "De akkommodaasje, de minsken, it is ien grutte famylje." Easterlittens hat goed 400 ynwenners, mar de klup hat leafst 300 leden út 18 doarpen.

It soe dit jier feest wêze, want de klup bestiet 85 jier. "Mar dy rottige corona hat ús feestjes troch de noas boarre," laket Ottema.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op it fuotbalfjild fan Easterlittens

16:53
Keatsdoarp Easterlittens

Easterlittens is in echt keatsdoarp mei in suksesfolle keatsferiening. "It is in lytse, smûke klup mei in hûnderttal leden. Wy binne grutsk, want wy ha grutte nammen fuortbrocht," seit foarsitter Keimpe Koldijk. Ien fan de grutte nammen is Jochum Bouma, dy't yn 2008 de PC wûn.

Keatse yn Easterlittens

16:40
Efkes swimme

Yn de Frjentsjerter Feart wurdt geregeld swommen. Ferslachjouwer Maaike van der Hoek soe it ek efkes besykje, mar dat gie net hielendal sa't it moast...

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek sil swimme

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
15:33
De Herbergh fan Littens

Yn it sintrum fan Easterlittens stiet Herbergh het Wapen van Friesland, in iuwenâld kafee. "Op deze plek staat al sinds 1511 een café," fertelt eigener Jasper Buddelmeijer. Yn it kafee hinget ek in sulveren bal, dy't al yn 1792 by in keatswedstriid útrikke waard.

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn it Wapen van Friesland

15:06
Nut en Genoegen

Mar leafst 150 jier, sa âld is toanielferiening Nut en Genoegen yn Easterlittens. "De earste 25 jier is neat fan bekend, dêrnei waarden gedichten en boeken foarlêzen en letter kamen der toanielstikken," fertelt Fedde Bos.

Hichtepunt fan de lêste jierren is it 125-jierrich bestean, fertelt Alie Stropsma. "Mei de iisklup ha beide foarsitters in revu dien, en yn De Jister ha se doe in iisbaan makke. De seal siet fol en se fûnen it prachtich."

Alie Stropsma en Fedde Bos fan toanielferiening Nut en Genoegen

Alie Stropsma en Fedde Bos fan de toanielferiening - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
14:25
Topsporter Sietze de Groot

De muorre fan Sjouke de Groot hinget fol mei prizen fan syn heit, Sietze de Groot. Hy wûn yn 1942 de Alvestêdetocht, mar wie ek in goeie keatser. "Yn 1942 wûn er ek de Bûn, dat wie foar Weidum. It wie geweldich dat sa'n doarpke de Bûn wint. En datselde jier wûn er ek noch de tredde priis by de PC."

De Groot is sels ek in soad oan it sporten, mar is dêrneist ek nochris discjockey en ymker.

Sjouke de Groot oer syn heit en syn hobby's

13:25
Hoe sit it mei de krimp?

Lytse doarpen ha faaks problemen mei fergrizing en krimp. Ek Littens hat dermei te krijen, want koartlyn waard bekend dat basisskoalle De Earnewjuk nei hûndert jier de doarren slút.

Kwa wenningbou giet it wol goed, fertelt foarsitter fan it doarpsbelang Pieter Steinfort. "As hjir huzen te keap komme wurde se frij rap ferkocht, en der wurdt op dit stuit sels nij boud."

Hoe sit it mei de krimp yn Easterlittens?

Pieter Steinfort - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
11:59
De hangar fan Easterlittens

Littenser Peter Karel is yn syn garaazje dwaande om in eigen fleanmasine te bouwen. Nei sa'n sân jier en 1700 oeren wurk is hy no aardich fier. "It is hast ôf. Ik siet fêst omdat ik gjin motor hie, mar dy ha ik no." Hy ferwachtet noch twa jier dwaande te wêzen.

Der sit in soad wurk yn, seit Karel. "Elk gatsje dat je boarje is al seis hannelings. As je je oan de tekenings hâlde komt it wol goede, sizze se by de fabryk, mar der komt wol wat ymprovisaasje by sjen." Karel's frou is noch wat tebekhâldend. "Lit earst mar ris sjen dat it ding fleant!"

Peter Karel fertelt oer syn fleanmasine

11:35
De Jister: hert fan Easterlittens

It figuerlike hert fan Easterlittens is it Multyfunksjoneel Sintrum De Jister. "Dêr binne wy ek grutsk op," seit foarsitter Aad van de Brug. "Wy kinne allegear it wurd mienskip, as je it oer mienskip ha dan is De Jister in prachtich foarbyld."

De Jister jout ûnderdak oan acht ferieningen, wêrûnder keatsferiening Onder Ons en VV Oosterlittens. Yn dy sporten is it doarp ek aardich suksesfol. "Dêr binne in protte prizen yn wûn."

Ferslachjouwer Maaike van der Hoek by De Jister

10:24
"Wat ha wy no úthelle?"

Camping It Krúswetter, op de krusing fan de Frjentsjerter Feart en de Boalserter Feart, waard in pear moanne ferlyn oernaam troch Remco en Ester van der Velde. Krekt foar de coronakrisis. "Je sille begjinne en binnen twa wiken moat alles ticht. Dan tinke je earst wol efkes, wat ha wy no úthelle?" fertelt Remco.

"Wy hiene der in oare gedachte by. Wy ha it bêste der fan makke. Doe't der mear dúdlik waard oer de ferrommings kaam it campingseizoen mear op gong, dus wy komme der no goed út," sa seit Ester.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman op Camping It Krúswetter

Remco en Ester van der Velde op camping It Krúswetter - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
10:07
It pealtsje fan Easterlittens

Easterlittens hat in wiere leginde. Yn it doarp stiet 'it pealtsje fan Easterlittens', as oantinken oan it ferhaal fan in Easterlittenser skuonmakker dy't dreamde dat er op de Papenbrug yn Amsterdam syn gelok fine soe.

Doarpsgids Tine Folkerts fertelt oer it pealtsje fan Easterlittens

Tine Folkerts by it pealtsje fan Easterlittens - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
9:45
Littens

Offisjeel wenje se dan miskien yn Easterlittens, sa sille de ynwenners it doarp nea neame. "Wy brûke allinnich mar it wurd 'Littens', it bin de Littenser ropeinen," fertelt doarpsgids Tine Folkert.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman yn Littens

9:30
Wolkom yn Easterlittens

Goeiemoarn en wolkom dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is hjoed yn Easterlittens. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Maaike van der Hoek dogge de hiele dei ferslach.

Woansdei wie Simmer yn Fryslân yn Kollumerpomp. Dat kinne je hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)