Judoka Margriet Bergstra (27) beëiniget karriêre

Judoka Margriet Bergstra fan 'e Lemmer hat har sportkarriêre beëinige. Se kiest foar in maatskiplike karriêre en sil as learkrêft oan de slach yn it basisûnderwiis.
© Omrop Fryslân
De 27-jierrige Bergstra pakte trije jier lyn de Nederlânske titel yn 'e klasse oant 57 kilo. Se fertsjintwurdige Nederlân op in soad grutte toernoaien. In jier lyn rûn se in blessuere op, wêrtroch't se tal fan toernoaien ôfsizze moast. Se skuorde har krúsbân foar de helte ôf, hie in skuorke yn de kûtspier en der siet skea yn 'e meniskus.

"Ik sil in soad misse"

"Nei in swiere perioade bin ik klear om elkenien te fertellen dat ik besletten ha om op te hâlde mei judo op it heechste nivo", seit Bergstra. "Ik sil wol in soad misse: it reizgjen, de minsken en sels de swiere trainingen. Mar foarearst rjochtsje ik my op myn wurk as learares."