'Efkes werom' nei de Frieze-reuny fan Simmer 2000

09 jul 2020 - 09:43

It wie 1993. Ridend troch de bosken fan Gaasterlân krige ús âld-kollega Gryt van Duinen ynienen in idee. Troch emigraasje yn it ferline binne tûzenen Friezen op plakken oer de hiele wrâld bedarre. Soe it net prachtich wêze om al dy Friezen-om-utens nochris op ien momint byelkoar werom te krijen yn it heitelân? Dat waard Simmer 2000, de grutte Frieze-reuny, en it waard in grut sukses. Mear as 270 doarpen en stêden kamen yn beweging. Friezen út alle dielen fan de wrâld kamen efkes werom. Dit jier is dat presys 20 jier lyn. It radioprogramma Sneon yn Fryslân stiet dêr de kommende wiken wiidweidich by stil.

Foto: Omrop Fryslân

Fan dat moaie idee fan '93 nei in konkreet plan foar Simmer 2000 wie noch in hiele stap. Gryt helle sjoernalist/skriuwer Hylke Speerstra by har plannen en der waard úteindeliks in stichting oprjochte. Simmer 2000 krige hieltyd mear stâl. Speerstra die bestjoerlik in stapke tebek om him folslein te rjochtsjen op it skriuwen fan it boek 'It Wrede Paradys'. In boek fol mei, somtiden dramatyske, ferhalen fan Fryske folksferhûzers.

Doarpen aktyf

Henk Kroes waard it boechbyld fan Simmer 2000. En hy krige, mei syn bestjoer, yn alle doarpen de frijwilligers mei. Der waard yn de Fryske doarpen fan alles organisearre, benammen iepenloftspullen wienen populêr. De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans en Albert Bonnema foarmen it muzikale hert fan Simmer 2000. Sy wienen belutsen by de offisjele iepening fan Simmer 2000 op sneon 1 july op it Saailân yn Ljouwert.

Dêr wie trouwens ek keninginne Beatrix. En dy muzikanten wienen, mei De Bazuin Oentsjerk en de Snitser Big Band ek wer prominint oanwêzich by de slotjûn op 22 july yn it WTC Expo (dat wy doe noch gewoan it FEC neamden).

Foto: Omrop Fryslân

Trije wike lang stie ús provinsje op syn kop. Trije wike lang foarme Fryslân it sintrum fan de wrâld, seker foar al dy emigranten dy't wer werom kamen. En dy't meidwaan koenen oan de allerearste Slachtemaraton. In betinksel fan Peter Karstkarel en no noch altyd populêr. Sûnder corona hienen wy dit jier de sechde edysje fan de Slachtemaraton belibbe! Koartsein; Simmer 2000 sit by in protte minsken noch altyd yn it hert.

Acht wiken lang werom nei 2000

En no hawwe wy betocht dat it wol moai wêze soe as wy yn de simmer fan 2020 werom sjogge op dy magyske simmer fan 2000. Acht wiken lang, fan sneon 11 july oant en mei sneon 29 augustus, stiet Simmer 2000 sintraal yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân.

We hawwe drok west mei it werom sjen fan al dy telefyzjeprogramma's út dy tiid. We hawwe boeken lêzen, it ynternet ôfstrúnd en stadichoan kaam it byld fan Simmer 2000 wer werom. We hawwe kontakten lein mei de ferskate organisatoaren, mei belutsenen, mei doarpen, mei emigranten, mei muzikanten. En we doarre hiel foarsichtich te sizzen: we tinke dat it wol wat wurde sil yn de kommende acht wiken.

Foto: Omrop Fryslân

We begjinne op sneon 11 july mei in live lokaasje-útstjoering fan it terras fan it kafee yn Boazum, de Boazumer Mjitte, ôf. Dat kafee hat in sintrale rôl spile yn de organisaasje fan Simmer 2000 en (mar dat sil gjin tafal wêze) Boazum is ek it wenplak fan Henk Kroes. Kroes is dy middei fansels ús belangrykste gast. Hy kin as gjin oar it byld fan 20 jier ferlyn werom helje. Hylke Speerstra komt ek. As earste foarsitter, mar benammen ek as auteur fan 'It Wrede Paradys'.

Ek muzyk

Meindert en Romy Pasma wienen doedestiids de útbaters fan De Boazumer Mjitte. Sy sitte fol ferhalen en komme ek del op 11 july yn har 'eigen' kafee. Johan Wagenaar fan Wommels hat in Facebookside makke oer emigranten en ek hy sil by ús wêze. Muzyk op 11 july? Jawis. Fan Eddy Dijkstra, sels in emigranteferline, presintearre yn 2000 syn prachtige nûmer 'Efkes werom' yn it kafee yn Boazum. Hy komt, sjongt en fertelt.

En it Fryske Hynder fan Griet Wiersma seach ek yn 2000 it libbensljocht. En ek Griet sil optrede. Der komme noch wol wat oare minsken by en sa starte wy 11 july mei in moai projekt, op it terras fan De Boazumer Mjitte yn Boazum.

De provinsje yn

En dan gean wy de provinsje yn foar it meitsjen fan reportaazjes en ûntfange wy gasten yn de studio, alle sneonen tusken 13.00 en 18.00 oere. Diana de Groot presintearret yn Ljouwert, Geert van Tuinen strúnt de provinsje ôf en Jaantje Olijnsma foarmet as regisseur it fertroude rêstpunt yn al dy útstjoerings. Wat wy op de lêste sneon, 29 augustus dwaan sille? It soe samar spektakulêr en muzikaal einigje kinne. Mar dêroer letter mear. Sneon yn Fryslân: Werom nei Simmer 2000.

(advertinsje)
(advertinsje)