Kollum: "Boereferstân"

"Der binne wer blokkearjende boeren; se binne poer tsjin op nije regeljouwing. Der is in jonge fan 17 oppakt dy't mei in trekker ynried op in oantal maresjaussees. Der is yn it Noarden in ferbod op demonstraasjes mei trekkers. En in pear boeren woene it Noarden fan de rest fan Nederlân ôfskiede. De LTO hat gjin regy, it Landbouwcollectief is útinoar spatten en Farmers Defence Force, dy't it trekkerferbod in 'oorlogsverklaring' neamde, is hielendal koekoek. Soks teart aardich yn op it maatskiplik kredyt. Wa binne de demonstranten einliks? En foaral: wa miene se sels einliks wol net dat se binne?
Botte Jellema © Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
De boeren protestearje om't de oerheid bepaalt hat dat der tydlik minder aaiwyt yn it krêftfoer sitte mei. De maatregel moat soargje foar minder stikstofútstjit, gelyk oan de beheining dy't de maatregel fan de maksimumsnelheid opbringe moat. In offer, dat alle autoriders bringe, foar in sûner leefmiljeu. Oft it slagget is mar de fraach, en de universiteiten fan Wageningen en Utrecht ha betingsten by dizze maatregel. Mar lânbou soarget no ienkear foar in protte stikstofútstjit en der moat wat barre. Hoe't it ek sit, de boeren en it ministearje kamen der net út, en no hat it ministearje dit dus besletten. It is al in bytsje de skuld fan de boeren sels.
Ien filmke foel my op: in man yn in blûske, dy't net fierder ride koe, besocht sneldykblokkearjende boeren dúdlik te meitsjen dat se it sa oare minsken in stikje bôle fertsjinje ek ûnmooglik meitsje. In boer gie foar him stean en sei: "En wie maakt jullie brood dan? En nou jij weer", en rûn dêrnei fuort. It blûske hie wol wer wat te sizzen, mar krige de kâns net, al wie it mar omdat it filmke dêr ôfknipt wie. Op de socials stie in einleaze stream fan reaksjes, oer hoe't de man te kakken setten wie en hoe't de boeren wol net gelyk ha. Oh?
Dus dan mar even oer dy bôle. In boer ferbout weet, dat nedich is foar bôle. Dat bart troch bouboeren en net troch de melkfeehâlders dy't we no op 'e trekkers seagen, mar hawar. Dat weet moat nei de risping oer diken ride, dus we ha strjitmakkers nedich. Dan komme de weetkerrels yn in fabryk út, wêr't se meald wurde ta moal. Om dat fabryk draaiende te hâlden, is elektrisiteit nedich, dus we moatte ek in sintrale, transformatoaren en kabels ha. By it moal komt wetter. We ha wetterwinning nedich, in leidingestelsel en in rioel foar it ôffalwetter. Gist moat derby, dat in natuerprodukt is, mar goed kontrolearre wurde moat yn laboratoaria. Dy moatte we dus ek ha.
Dat komt allegearre byinoar yn in bakkerij. We ha in oven nedich, en gas, as brânstof. We ha gaswinning nedich, gasfabriken, gasliedingen, gasopslach en gasmeters. De bakker moat in bôlesnijmasine ha. En pûdsjes, en in labelprinter, mei labels en in kompjûter. Dan leit de bôle klear op in skap. Dy is fan hout, dus we ha ek in houtfabryk, houthakkers en in bosk nedich. Om bôle ôf te rekkenjen ha we in bank nedich, hawar, dy wie al nedich, omdat tusken alle hjirfoar neamde saken ek jild útwiksele wurde moat.
Ik tink dat ik noch wol in skoftke trochgean kin, sa as oer de skoallen foar de wurknimmers, de fakânsjeplakken, natuergebieten en teäters wêr't se útrêste kinne, de sûnenssoarch, en de muzyk fan de Omrop dy't se oanstean ha op harren wurkplak. Mar fan alles wat ik opneamd ha, kinst net ien faktor fuort helje, of de hiele bôle komt der net.
De noasje dat it allegearre begjint by de boeren, is in falske foarstelling fan saken. Want kinst myn ferhaal ek fierder werom begjinne, sa as by de labs dêr't it weetsied ferbettere is, de fabriken dêr't bestridingsmiddels makke wurde, of de raffinaderijen foar de disel dêr't de de trekkers op ride. Programmeurs foar software, yn trekkers en yn melkrobots. Gjinien elemint út it netwurk is wichtiger as it oar. En de boer dus ek net.
De maatregel is net ideaal. Mar Farmers Defence Force, mei har mâle militante teksten, en dy protestearjende boeren fertoane tekenen fan in messiaskompleks. In folslein wrâldfrjemd en mispleatst autoriteitsgefoel, as binne se troch jezus sels ûnder de jaren jage. De boeren binne gisele troch har eigen ekstremisten. It is in baan, in bysûndere baan, mar neat mear as minder as alle oare banen. Boeren binne krekt like ûnmisber en misber as elkenien oars. Ja, wurd mar lilk op dizze omkoal fan in kollumnist, dy't biologyske suvel keapet, yn 'e hoop dat it Farmers Defence Force-frij is. Mar toan my mar myn ûngelyk.
Ik tink dat de boeren dy't net op harren trekkers stapt binne ôfrûne dagen, hiel goed witte dat se ûnderdiel binne fan in grutter gehiel, en dat foar oare beroppen ek jildt dat der in hiel soad regeljouwing is. Ast it net leuk fynst, dan hâldst der dochs mei op."