Grut ferskaat oan boere-aksjegroepen: "Safolle boeren, safolle winsken"

09 jul 2020 - 08:03

Salang't de emoasjes noch sa heech oprinne, is in oplossing noch net yn sicht foar de diskusje oer it feefoer. "Dit moat syn berin mar even ha", seit Sjoerd Mensonides fan aksjegroep Agractie. Dat is ien fan de groepen dy't derfan baalt dat it ministearje it fuorjen fan soaja- en raapskroat ferbiede wol.

Boeren woansdeitenacht yn Wijster, Drinte - Foto: ANP

It binne in protte ferskate boeregroepen dy't aksjefiere, de ien op in oare manier as de oar. "Der binne safolle boeren", seit Mensonides. "Dan binne der ek safolle winsken. Oer it algemien wolle we wol itselde, mar it giet faak om de nuânse." Dy ferskillen sitte ek yn de wize wêrop't de groepen de ûnfrede uterje: "Farmers Defence Force is wat mear fan de hurde line, LTO wat mear fan it petear en wy sitte der wat tuskenyn."

Mei-inoar oplûke

Foar lânbouminister Schouten hoecht dat net dreech te wêzen, neffens Mensonides. "Yn it Lânboukollektyf ha we sjen litten dat we hiel goed mei-inoar oplûke kinne, lanlik en regionaal. De minister hoegde dan mar mei trije minsken te praten."

Gas werom

Woansdei kamen hûnderten boeren byelkoar yn Drinte, nei't de plysje earder op de dei mear as sechstich aksjefierders oppakt hie. Mensonides wie dêr net by. "Ik bin ek net sa fan it blokkearjen en dat soart saken. Ik slút my oan by wat Harm Wiegersma (foarsitter melkfeehâldersfakbûn, red.) sein hat: even gas werom. In ludike aksje is prima, mar ik hoech net sa nedich sels te blokkearjen." Mensonides begrypt de aksjes wol: "De emoasje rint hiel heech op, benammen by dizze maatregels oer it feefoer."

Lânbou is belangrike lobbygroep

De aksjefierende boeren fine dat de polityk yn Den Haag te folle regels opleit. En dat wylst de boeren al jierren in tige wichtige lobbygroep binne yn Den Haag: út in ûndersyk yn 2017 kaam nei foaren dat lânbou-organisaasje LTO by de meast ynfloedrike groepen yn Den Haag heart. Mensonides tinkt dat dat al lang net mear sa is. "We fiele ús net mear heard. We sjogge altyd nei in kompromis, mar der wurdt hiele tiid mear frege", is syn gefoel.

In oplossing komt der pas as dat gefoel fuort is en de emoasje wat delbêde is, neffens Mensonides. "Den Haag moat de angel derút helje, de foermaatregel. Der moat earst mar ris in delegaasje fan de oerheid mei de lânbou prate."

Sjoerd Mensonides fan Agractie

(Advertinsje)
(Advertinsje)