Krisis yn gemeentebestjoer Eaststellingwerf nei nije ôfsplitsing

09 jul 2020 - 07:17

Der is krisis yn it gemeentebestjoer fan Eaststellingwerf, no't de koälysjepartijen nei it ôfsplitsen fan Edwin Meijerhof fan Ooststellingwerfs Belang opnij in sit kwytrekke binne. Ooststellingwerfs Belang, PvdA en CDA ha no mei-inoar noch mar 9 fan de 21 sitten. Jelke Nijboer fan kolleezjepartij PvdA fynt it in grut probleem. "Wij balen er allemaal van. Heb je een keer drie goede wethouders, dan laten de raadsleden het zitten."

De riedseal fan Eaststellingwerf - Foto: Lourens Looijenga

De kolleezjepartijen ha woansdeitejûn oerlis hân en komme tongersdei mei in brief foar de gemeenteried. "Gelukkig hebben we een raadsprogramma waar alle raadsleden het mee eens waren, anders was het college al gevallen", seit Nijboer.

'Alles kan, behalve zo doorgaan'

Yn dat programma hat de gemeenteried de koers foar fjouwer jier fêstlein. De opposysjepartijen wurkje ek oan in mienskiplike reaksje. Neffens Annemiek Telkamp fan GrienLinks is der net langer sprake fan in stabyl bestjoer, wylst dat neffens har wol nedich is. "Wat ons betreft zijn er verschillende mogelijkheden: een nieuwe coalitie of een partij toevoegen aan coalitie. Alles is mogelijk, behalve zo doorgaan. Wij gaan niet als gedoogpartner optreden bij de huidige coalitie."

De opposysje hat in soad fragen oer Ooststellingwerfs Belang, dat trije fan de sân riedsleden kwytrekke is. Earder gongen Wolter Slager en Jenny Dolsma al by de fraksje wei. Meijerhof neamt de minne gearwurking yn de fraksje as in belangrike reden foar syn opstappen. Hy hie it oer ferskate streamingen yn de fraksje. De opposysje wol nei de fakânsje in debat oer de kwestje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)