Kroechbaas Jolke wie "in sympatike dwersbongel"

09 jul 2020 - 07:03

Jolke Nijenhuis, kroechbaas fan Spaltenbrêge yn Terwispel, is stoarn. De man waard yn de hiele provinsje, en dêrbûten, ferneamd nei in útstjoering fan it telefyzjeprogramma Hea! Ferslachjouwer Willem de Vries wie de lêste Omrop-meiwurker dy't by Jolke wie, ein april. Hy neamt Jolke 'in absolút kultfiguer'.

De lêste kear dat Omrop Fryslân by Jolke wie:

Kroechbaas Jolke

Midden yn de coronatiid wie De Vries op besite yn Terwispel. "Ik koe 'm earst net fine, ik ha wol fiif minuten omrûn op syn hiem", fertelt er. "Op in bepaald stuit hear ik him wat omrommeljen, hy hong wat yn it hok om. En wat ik typearjend fyn, is hoe't er my begroete: 'Ah jonge, wiest dêr? Ik hie dy al ferwachte.'"

In hiel gewoane keardel, mar ek in lekkere dwersbongel.

Willem de Vries oer kroechbaas Jolke Nijenhuis

De Vries en Jolke praten mei elkoar yn de tún. "Dêr rûnen noch wat hinnen om. 'Moatst ek in pilske ha?', frege er. No ja, doch mar net, sei ik, want ik wie oan it wurk. Hy joech him lekker del. Dat fûn ik wol typearjend foar him. In hiel gewoane keardel, mar ek in lekkere dwersbongel, mar ien fan it sympatike soart."

Jolke is 74 jier wurden. Hy hie syn kafee noch altyd iepen. "Dêr libbe er foar", fertelt De Vries. "Hy wie ek noch in soad oan it klussen mei minsken, oan it timmerjen. It wie in handich man. En de oare tiid siet er yn 'e kroech. Hy fertelde ek noch dat der ek groepen minsken fan bûten de provinsje yn syn kroech kamen. Dan hie er de muzyk ek noch op, even 'lekker lekker lekker'. Typysk Jolke."

Kultfiguer

Dy útdrukking 'lekker lekker lekker' is ien fan de redenen dat Jolke sa'n kultfiguer waard. Dat spruts de minsken ek oan, tinkt De Vries. "In fantastyske dwersbongel, in autentyk figuer. Syn âlderwetske, syn dwaan en litten, de hinnen yn de tún, in pilske. Tel dat allegear byinoar op, mei de social media fan no. Dat makke him in absolút kultfiguer."

Willem de Vries en mear reaksjes op it ferstjerren fan Jolke Nijenhuis

Mear reaksjes op it ferstjerren fan Jolke Nijenhuis:

(Advertinsje)
(Advertinsje)