Tûzenen deade seebistjes fertelle it ferhaal fan de MSC Zoe

09 jul 2020 - 06:20

Tûzenen lytse seebistjes en organismen hawwe yn Den Helder it libben litten om ús ynsjoch te jaan yn de gefolgen fan de ramp mei de MSC Zoe. Yn grutte bakken mei seewetter hawwe skulpkes en plankton acht wiken lang libbe mei ferskillende dosearringen plastic kerrels. En dat binne deselde as dy't der fan 1 op 2 jannewaris 2019 oerboard gongen de Noardsee yn boppe de Waadeilannen.

No binne dizze ûndersyksbakken leechhelle troch ûndersikers fan Wageningen Marine Research om út te finen wat al dat plastic dien hat mei it seelibben. Op dy konklúzjes moatte wy wat langer wachtsje as earder sein is. Yn stee fan oktober is it ekologysk ûndersyk nei de gefolgen fan de kontenerramp no yn jannewaris klear.

Edwin Foekema fan Wageningen Marine Research: "Door de coronacrisis is dat iets opgeschoven, omdat er gewoon beperkingen zijn in de hoeveelheid mensen die je tegelijkertijd zeker in een binnenruimte kan zetten. Dus hebben we meer tijd nodig."

Dizze wjrimen hawwe acht wiken mei plastic kerrels libbe - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It leechheljen fan de ûndersyksbakken is in soad wurk, sa seit Foekema. "Wat er nu eigenlijk gebeurt, is dat het hele systeem wordt leeggehaald. De waterkolom wordt eruit gefilterd. Daarin kijken we naar het plankton wat er in zit. Daarna, als dat gedaan is, wordt de hele zandbodem die erin ligt eruit gespit. Dan kijken we naar het leven wat er zich in heeft ontwikkeld de afgelopen twee maanden. We kunnen dan vergelijken tussen systemen waar we helemaal geen korrels aan hebben toegevoegd en systemen waar we hele grote doseringen aan korrels hebben toegevoegd of dat invloed heeft op die levensgemeenschap, die diertjes die daarin leven."

De administraasje wurdt byhâlden - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der binne net gelyk opfallende saken sjoen, lykas deade skulpen of wjirmen. "Waar het echt om gaat straks, zijn de subtiele verschillen in groei. Misschien zijn de schelpdieren in de ene bak met veel plastic wat minder groot geworden of hebben ze wat minder jongen gekregen", ferwachtet Foekema.

Dit ûndersyk nei de ynfloed fan plastic op it seelibben is noch nea op dizze wize dien en kin dus ek wrâldwiid ynsjoch jaan op wat de plastic sop docht yn see.

Undersyk NIOZ

As it om it ûndersyk nei de gefolgen fan de ramp mei de MSC Zoe giet, is ek it ûndersyk op Teksel troch it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) hiel wichtich, leit Foekema út. "We knopen deze resultaten aan de modelberekeningen van het NIOZ en dan kunnen we dus kijken bij welke concentratie plastics we iets zien gebeuren in het systeem. Op basis van die modelberekeningen kunnen we dan kijken of die concentraties zijn ontstaan in de Waddenzee. Dan hebben we een behoorlijk volledig beeld, denk ik."

Edwin Foekema fan Wageningen Marine Research

Lês alles oer de kontenerramp yn it dossier.

(advertinsje)
(advertinsje)