Tekoart oan húsdokters kin fierder oprinne yn Fryslân: ek húsdokter sels fergrizet

09 jul 2020 - 06:12

Yn Fryslân wurkje relatyf in protte âldere húsdokters. Hast de helte fan de húsdokters yn ús provinsje is âlder as 50 jier. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS).

Ferbân om de ankel - Foto: Shutterstock.com

Der besteane grutte ferskillen tusken provinsjes. Yn Utrecht leit de ferhâlding bygelyks hiel oars: dêr is mar 34 persint fan de húsdokters âlder as 50 jier. De groep dokters dy't binnen no en 15 jier mei pensjoen gean kin, is by ús dus relatyf grut. Om genôch soarch biede te kinnen, moatte der ek jonge húsdokters yn Fryslân komme te wurkjen.

CBS: Huisartsen naar leeftijd per provincie - Foto: CBS

Fryslân wrakselet al langer mei in tekoart oan húsdokters, en mei in tekoart oan soarchmeiwurkers yn it algemien. Sa waard foarich jier in nije húsdokterpraktyk iepene yn Ljouwert, ûnder oare om it tekoart tsjin te gean.

Trefwurden: 
CBS soarch hûsdokters
(advertinsje)
(advertinsje)