Hurdriders soargje foar measte ferkearsoerlêst

09 jul 2020 - 06:00

Te hurd ride soarget foar de measte ferkearsoerlêst, sa docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) dat tongersdei ferskynt. Just yn stêden ha ynwenners dêr it measte lêst fan.

Foto: Shutterstock

It CBS hat ynwenners fan Nederlân frege nei harren ûnderfiningen mei ferkearsoerlêst sa as te hurd ride, ferkeard parkearje en agressyf gedrach yn it ferkear. Minsken fernimme de measte oerlêst fan te hurd ride.

Te hurd ride yn de stêd

It CBS fergelike de antwurden fan minsken út de stedsregio's mei-inoar. Yn Fryslân binne dat de gemeente Ljouwert en de gemeente Súdwest-Fryslân. Yn dy lêste gemeente fynt 23 prosint fan de ûnderfrege minsken te hurd ride in probleem, en yn ús haadstêd mar leafst 25,6 prosint.

Foto: CBS

Hurd ride komt it meast foar yn net-stedske gebieten, mar just yn stedske gebieten fine ynwenners it ferfelend.

Trefwurden: 
CBS ferkearsoerlêst
(Advertinsje)
(Advertinsje)