Kwartfinale foar Danny Noppert by offisjele werstart dartsirkwy

Darter Danny Noppert hat woansdeitejûn de kwartfinale helle op de earste dei fan de PDC Summer Series. Dêr't it profesjonele dartsirkwy moannen stillein hat fanwegen it coronafirus, ferlear de Jouster woansdei by de offisjele werstart fan lângenoat Michael van Gerwen: 6-0.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
De nûmer ien fan de wrâld wie yn de kwartfinale fierstente sterk foar Noppert, dy't lykwols weromsjen kin op in goeie dei yn it Ingelske Milton Keynes. Hy wûn earder op de dei ûnder mear fan Stephen Bunting, Ross Smith en Darius Labanauskas.
Jitse van der Wal fan Mitselwier en Jan Dekker fan Boalsert ferlearen woansdei yn de earste ronde fan Kim Huybrechts en Rowby-John Rodriguez.
De kommende dagen geane de PDC Summer Series noch troch, mei eltse dei ien toernoai dat meitelt foar de wrâldranglist. Snein folget de lotting foar it earste telefyzjetoernoai sûnt de coronakrisis: de World Matchplay. Danny Noppert is al sa goed as wis fan dielname dêroan.