Undersyksburo ynskeakele foar problemen mei sinnedak Thialf

08 jul 2020 - 20:16

It ûndersyksburo Burghgraef van Tiel út Rotterdam sil it ûndersyk útfiere nei de problemen mei de sinnepanielen op it dak fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat hawwe Deputearre Steaten besletten. De útkomsten fan it ûndersyk moatte yn septimber beskikber wêze.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

Ein maaie binne de sinnepanielen al útskeakele. Der soe in grut risiko op brân wêze en de fersekering woe dat risiko net langer dekke.

Burghgraef van Tiel is spesjalisearre yn it útfieren fan risiko-ynspeksjes foar fersekeringsbedriuwen.

Trefwurden: 
ûndersyk sinnedak Thialf
(advertinsje)
(advertinsje)