Grutte groep boeren yn Drintske Wijster, nei alle gedachten binne der ek Friezen

08 jul 2020 - 23:04

By it Drintske Wijster binne woansdeitejûn in soad boeren byinoar kaam. De boeren sizze sels dat it giet om in barbecuefeest. It soe gean om hûnderten minsken. Nei alle gedachten is der ek in groep Fryske boeren oanwêzich.

Foto: ANP

De Fryske boeren makken earder op de dei bekend op wei te wêzen nei in "barbecue". De lokaasje dêrfan woene se net bekend meitsje.

By it jûnsprotest yn Wijster binne ek trekkers en oare lânboumasines brûkt. Lykas yn Fryslân en Grinslân is it ek yn Drinte ferbean om mei trekkers te demonstrearjen.

By de rjochtbank yn Grins tsjinnet tongersdeitemoarn in rjochtsaak oer it trekkerferbod by de boeredemonstraasjes. Farmers Defence Force (FDF) easket dat it ferbod fan tafel giet.

Trefwurden: 
boereprotest Wijster
(advertinsje)
(advertinsje)