Súdwesthoeke heart by drûchste plakken fan Nederlân

De Súdwesthoeke fan Fryslân heart by de drûchste plakken fan Nederlân fan dit momint. Dat docht bliken út de drûchtemonitor fan it KNMI. It delslachtekoart is dêr hast 250 mm.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
De ferskillen binnen de provinsje binne grut. Bygelyks it noardeasten fan Fryslân is folle minder drûch.
Neffens it KNMI is der lanlik yntusken net mear sprake fan in driigjend wettertekoart. Op in soad plakken wurdt it wetterpeil keunstmjittich heech holden, bygelyks troch wetter út de Iselmar it lân yn te litten.