Groep Fryske boeren nei "barbecue", mar sûnder trekker

In groep Fryske boeren is mei de auto op wei nei in net bekend makke lokaasje. Se wiene earst fan doel om nei Assen te gean, mar sille no nei eigen sizzen nei in "barbecue". It soe gean om sa'n 35 auto's en 60 persoanen, dy't út De Tynje ôfset binne. Ferwachte wurdt dat der ûnderweis by Drachten en Easterwâlde mear boeren har oanslute sille.
Fryske boeren nei Drinte
Boer Mick Tinga út Bant, ien fan de foaroanmannen fan de aksjes fan ôfrûne tiid, ferwachtet dat der sa'n 3.000 minsken út Fryslân op de "barbecue" ôfkomme sille. Tinga wol net sizze oft der ek aksjefierd wurde sil.
Ek wol er net befêstigje dat se op wei binne nei de Drintske plakken Wijster of Assen, dêr't woansdei boereprotesten wiene. Hûnderten minsken wiene dêr by oanwêzich. Der waarden goed sechtich aksjefierders arrestearre, mar letter op de dei waarden dy allegearre wer frijlitten. Yn Wijster soe in 'afterparty' geande wêze.
© CAMJO media / Jaring Rispens
Neffens Tinga binne de aksjes noch lang net oer. "Wij gaan sowieso door met actievoeren. We gaan niet wachten. En hoe de acties eruit gaan zien, dat houden we nog voor ons. We hebben een plan klaar, we hebben een draaiboek liggen en daar kunnen we wel twee maanden mee vooruit."
By de rjochtbank yn Grins tsjinnet tongersdeitemoarn in rjochtsaak oer it trekkerferbod by de boeredemonstraasjes. Farmers Defence Force (FDF) easket dat it ferbod fan tafel giet.