Kroechbaas Jolke Nijenhuis (74) fan Terwispel ferstoarn

08 jul 2020 - 18:57

Kroechbaas Jolke is hommels ferstoarn. Dat meldt syn famylje. Jolke Nijenhuis wie de útbater fan it kafee Spaltenbrêge yn Terwispel. Hy is 74 jier âld wurden. Jolke waard yn de hiele provinsje bekend nei in útstjoering fan it telefyzjeprogramma Hea!.

Kroechbaas Jolke wie sa'n fenomeen dat de band Bad Mood in ferske oer him makke hat, mei de titel 'lekker lekker lekker'. Dat sei de kroechbaas, as er in slok bier naam hie.

Hy fûn it geweldich dat der in nûmer oer him makke wie, sei er. "In barman dy't sels drinkt, kin wol, as jo de kop der mar by hâlde. Ik nim krekt genôch, jo moatte net te folle sûpe."

Sjoch hjir nei it nûmer 'lekker lekker lekker' fan Bad Mood:

(advertinsje)
(advertinsje)