FIDEO: Bysûndere brânbestridingswein út Frankryk op toer yn Fryslân

In bysûndere brânwachtauto makket op 't heden in rûntsje troch Fryslân. It giet om in spesjale boskbrânbestridingswein út Frankryk, dy't ek hieltyd faker ynset wurdt yn Nederlân. De wein is spesifyk boud foar de ynset by natuerbrannen en makket dizze dagen in toer by de Waadeilannen del. Woansdeitemiddei waard er yn Dokkum presintearre.
Brânwacht hat bysûnder natuerbestridingswein op toer
De spesjale wein is lytser en kin makliker manoeuvrearje as in gewoane brânwachtauto, en is dêrom geskikter om yn te setten yn de natuer. De Waadeilannen soene sa'n wein goed brûke kinne, fynt Brânwacht Fryslân.
Op it fêstelân kin de brânwacht weromfalle op oare korpsen. "Onze logistieke lijn ligt daar veel korter dan op de Waddeneilanden", seit Michel Hartman fan Brânwacht Fryslân. "Grotere, stevigere inzet wordt wel vereist op de Waddeneilanden."
© Omrop Fryslân, Willem de Vries