Ponghâlder wykferiening Snits krijt wurkstraf foar fertsjustering

De âld-ponghâlder fan wykferiening Sneek Oost is woansdei fanwegen fertsjustering feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren plus 80 oeren ûnder betingst. De frou hat fan maaie 2016 oant septimber 2017 tûzenen euro's fan de wykferiening bestege oan privee-útjeften en ynternetoankeapen.
De Wetterpoarte yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens de offisier fan justysje giet it om likernôch 15.500 euro. Sy kundige woansdei op de strafsitting oan dat se noch mei in saneamde Plukze-foardering komme sil om it jild werom te heljen dat de Snitser fertsjustere hat.
De frou hat ek noch bankôfskriften ferfalske om tsjinoer oare bestjoersleden fan de wykferiening te ferbergjen dat der jild ferdwûn wie. Se kampte mei skulden en siet yn de bewâldfiering. Troch har yn dy situaasje as ponghâlder oan te stellen, wie neffens rjochter Jansen in bytsje 'de kat op it spek bine'.

Stikferfalsking

Utsein de fertsjustering hat de Snitser har ek skuldich makke oan stikferfalsking, troch it ferfalskjen fan bankôfskriften. De rjochter hold der rekken mei dat it om 'in stokâlde saak' gie. Ek liet hy meiwage dat de frou as gefolch fan traumatyske ûnderfinings fermindere tarekkenber wie. Se koe dêrfoar neffens Jansen 'net folslein folweardich aktearje'.
It wie al de twadde kear dat de wykferiening slachtoffer waard fan malversaasjes fan in ponghâlder.