Gebou sletten mavo De Saad yn Damwâld komt foarearst net leech te stean

It gebou fan mavo De Saad yn Damwâld komt foarearst net leech te stean. De ûnderferdjipping fan de middelbere skoalle wurdt foar op syn meast fiif jier brûkt foar de húsfêsting fan goed hûndert learlingen fan De Wingerd. Dat hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Dantumadiel besletten.
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Fanwegen it tsjinfallende oantal nije learlingen hat De Saad yn april besletten de doarren te sluten. Der hiene har mar 33 learlingen oanmeld foar takom skoaljier en dêrmei wie in foarnommen fúzje mei skoallemienskip Piter Jelles fan de baan.
De Wingerd is in skoalle yn Damwâld foar spesjaal ûnderwiis en hat ekstra romte nedich om't tal learlingen hieltyd tanimt. De skoalle wie al dwaande mei útwreiding op it eigen terrein, mar koe dat dreech rûn krije. Direkteur Jan Toornstra is dan ek wiis mei de húsfêsting yn De Saad. "De tijdelijke uitbreiding op eigen terrein, die de school tot half april aan het organiseren was, dreigde vanwege nog steeds groeiende leerlingenaantallen ruimtelijk niet te voldoen."
De kommende perioade sil de gemeente plannen meitsje om in definitive bestimming te finen foar De Saad. De boppeferdjipping fan it âlde mavogebou wurdt foarearst net brûkt.