Blau-alch oantroffen yn swimwetter Grutte Wielen

Yn it swimwetter by de Grutte Wielen by Ljouwert is blau-alch oantroffen. Dêr warskôget de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) foar.
Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch © Omrop Fryslân Oane Hoekstra
De blau-alch, gjin echte alch mar in baktearje, ûntstiet as stilsteand wetter waarmer wurdt. Der komme dan tsjokke driuwlagen mei it guod op it wetter. Dêr komme giftige stoffen út frij, dy't by minsken dy't dermei yn oanrekking komme, soargje foar irritaasje oan de hûd en eagen. As minsken it guod binnen krije, kinne se klachten krije as mislikens, búkkramp, spuie en diarree.
Op zwemwater.nl kinne minsken tsjekke oft it swimwetter by harren yn de buert feilich is.