Flugge boat nei Flylân twa dagen út de feart foar reparaasje

It kommende wykein ferfalle meardere ôffearten fan de snelboat tusken Harns en Flylân. De Koegelwieck bliuwt freed en sneon oan de wâl, fanwege ûnderhâld.
Sneltsjinst de Koegelwieck © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Op freed en sneon kinne passazjiers net mei de flugge boat fan en nei Flylân farre. De boaten dy't wat langer oer de oertocht dogge, farre wol. Fan Skylge nei Harns ferfalt freed en sneon de earste ôffeart fan de sneltsjinst, dy't oars om 8:10 oere west hie.
In wurdfierder fan Doeksen kin sa gau net tsjin Omrop Fryslân sizze wat der oan de hân is mei de Koegelwieck.
It ôfrûne wykein hat de nije fearboat Willem Barentsz ek út de feart west foar ûnderhâld. Twa dagen nei de earste echte oertocht rekke dy boat skansearre by in oanfarring mei in peal.