Súdwest-Fryslân jout wenningeigeners 90 euro foar enerzjybesparring yn hûs

08 jul 2020 - 15:13

Wenningbesitters yn Súdwest-Fryslân kinne oant 90 euro werom freegje fan de gemeente as sy yn harren hûs lytse enerzjybesparjende maatregels nimme. It giet dan om maatregels as it oanbringen fan radiatorfoalje of tochtstrips, it pleatsen fan ledlampen en it wettersidich ynregeljen fan de cv-ynstallaasje.

Foto: Shutterstock

It wettersidich ynregeljen fan de cv-tsjettel soarget derfoar dat it waarme wetter op in goede manier oer de radiatoaren ferdield wurdt. Neffens wethâlder Erik Faber (klimaat) kin dêrmei ta 15 persint oan enerzjy besparre wurde. As in cv-ynstallaasje net wettersidich ynregele is, is de waarmte-ôfjefte net optimaal. De romten dy't har fier fan de cv-tsjettel ôf befine, wurde dan ûnfoldwaande ferwaarme.

Ek kosten foar enerzjyadvys oer it ferduorsumjen fan de eigen wente falle binnen dizze aksje. Om jild werom freegje te kinnen, moatte de enerzjybesparjende maatregels naam wêze tusken 1 jannewaris 2020 en 1 april 2021. Hûseigeners dy't earder dit jier al maatregels troffen hawwe en dêr in betellingsbewiis fan hawwe, kinne ek noch meidwaan oan de aksje.

(advertinsje)
(advertinsje)