SC Cambuur - ONS Snits jûn live te sjen by Omrop Fryslân

09 jul 2020 - 09:38

De earste oefenwedstriid fan SC Cambuur is tongersdei live te sjen op de webside en yn de app fan Omrop Fryslân. De Ljouwerters traapje it seizoen om 20.00 oere ôf tsjin haadklasser ONS Snits. Fanwege de coronamaatregels meie der mar 250 supporters by wêze yn it stadion. Sportferslachjouwer Andor Faber fersoarget it kommentaar.

Foto: Omrop Fryslân

Wa't der net by wêze kin, kin de wedstriid folgje op de webside of fia de app fan de Omrop. Nijste spiler Jasper ter Heide, dy't oerkomt fan Jong Ajax, sil tongersdei mooglik syn debút meitsje yn it giel-blau. Fierder sille der in hoop bekende gesichten oan de ôftraap stean, want ferline wike waard dúdlik dat Sonny Stevens, Sven Nieuwpoort én Robert Mühren ek it kommende seizoen foar Cambuur spylje.

ONS Snits

Tsjinstanner ONS Snits spilet it kommende seizoen yn de haadklasse. De klup is frijwillich degradearre nei't it yn de tredde difyzje in grut part fan it seizoen ûnderoan stie. Mei in nije trainer, Jan Vlap, binne de Snitsers mei in skjin laai úteinset.

(Advertinsje)
(Advertinsje)