Ferskate pannen yn Fryslân sletten fanwege ynternasjonale drugssaak

08 jul 2020 - 14:01

Boargemaster Buma fan de gemeente Ljouwert hat twa gebouwen sletten fanwegen drugs, yn Stiens en yn de stêd Ljouwert. Boargemaster Waanders fan Waadhoeke is ek fan doel in drugshûs yn har gemeente ticht te smiten. De gebouwen spylje in rol yn in langrinnend ûndersyk nei ynternasjonale drugshannel en wytwaskjen.

Foto: Wikimedia Commons

It ûndersyk hat ek laat ta it ûnderskeppen fan in transport fan 86 kilo amfetamine, fan Fryslân nei Finlân. Earder dit jier waarden yn dat ûndersyk troch de hiele provinsje santjin ynfallen dien en ferskate minsken oanholden, ûnder wa leden fan ferbeane motorklups.

Soad drugs en wapens

By de ynfal yn it hûs yn Waadhoeke waarden twa bruorren oanholden. De plysje fûn dêr goed 2 kilo himp, 1,9 kilo kokaïne, 11,77 gram MDMA, goed 10 gram amfetamine, 185 gram ketamine, in skeal, tsientûzenen euro's en Noarske kroanen, in boksbûgel, in mes en in telefoan.

It is ien fan de plakken dy't in rol spylje yn it ûndersyk. By de saak sette justysje in kriminele boargerynfiltrant yn.

De famylje fan de oanholden manlju ha de rjochter frege om sluting tsjin te hâlden, omdat der in bedriuw yn it gebou sit. De rjochter giet dêr net yn mei, dy jout de gemeente tastimming om it hûs te sluten. De gemeente Waadhoeke is noch wol yn oerlis mei de famylje, dêrnei falt in definityf beslút.

Al earder hûzen sletten

Boargemaster Buma sleat yn juny dit jier ek al in hûs oan de Merelstrjitte yn Ljouwert. Ek dat hûs hold ferbân mei ynternasjonale drugshannel nei Finlân.

De hûzen yn de gemeente Ljouwert steane oan de Langebuorren yn Stiens en de Elias Vonckstrjitte yn Ljouwert. Dy moatte elk njoggen moanne ticht, it pân yn Waadhoeke in jier.

(advertinsje)
(advertinsje)