WTC Expo kin holle goed boppe wetter hâlde yn coronakrisis

Nei in oantal dramatyske moannen, wol it WTC-Expo yn Ljouwert nei de simmerfakansje wer begjinne mei it opstarten fan beurzen. Dat seit direkteur Peter Ourensma. Troch de corona-útbraak hat it WTC de ôfrûne moannen tonnen skea oprûn.
WTC Expo kin holle goed boppe wetter hâlde yn coronakrisis
De grutskalige opfang fan asylsikers gie net troch, de beurs Vrouw dy't al hielendal opboud wie, moast ôfsein wurde. By it WTC Expo wurkje tritich minsken. Troch de stipemaatregels fan it kabinet koene dy allegear oan it wurk bliuwe. Untslaggen lykas by de RAI yn Amsterdam binne yn Ljouwert net oan de oarder. No 't it oantal nije coronagefallen stabyl hiel leech bliuwt, krijt Ourensma wer hope. Nei de simmer wurde der wer eveneminten hâlden, seit er.
It WTC Expo yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Hayo Bootsma