265 dagen sel foar haadfertochte (16) delstekken Roan Brilstra

08 jul 2020 - 13:22

De 16-jierrige jonge fan De Gordyk, dy't ferline jier desimber Roan Brilstra yn Drachten delstuts, is feroardiele ta 265 dagen selstraf. Hy moat him ek behannelje litte by in ynstelling. Dat hat de rjochter yn Ljouwert woansdei bepaald. Dêrneist krijt er jeugd-tbs ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier. Dat is in lichtere straf as justysje earder easke hie.

By de stekpartij by in kafee oan de Zuidkade yn Drachten rekke op 22 desimber foarich jier de 15-jierrige Roan Brilstra swierferwûne. De fertochten, twa jonges fan 15 en 14 jier, naaiden út, mar waarden let op de jûn oanholden. By de opskuor dy't op strjitte ûntstie nei it ynsidint rekke in plysjeman ferwûne. Roan Brilstra ferstoar op 29 desimber yn it sikehûs oan syn ferwûnings.

Justysje easke 24 juny jeugd-tbs foar de fertochte. De rjochter hat de tbs woansdei lykwols ûnder betingst oplein oan de jonge.

In part fan de 265 dagen selstraf hat de jonge al útsitten. Dat giet fan syn selstraf ôf. Betingst is dat de jonge him ferplicht behannelje lit yn de GGZ of in soartgelike ynstelling.

Foto: ProNews

Neffens de rjochter hat de saak in soad ûnrêst en eangst feroarsake yn Drachten en omkriten. Se konstatearret dat jongerein te maklik messen by har drage: "Ze zijn zich niet bewust van de gevaren daarvan."

Needwar

De rjochtbank kaam earder al mei in tuskenfûnis. Dêr kaam út dat de 16-jierrige jonge, dy't sjoen wurdt as haadfertochte, út needwar hannele hat. De wize wêrop't de fertochte himsels ferdigene hat, wie neffens de rjochtbank lykwols bûtenproporsjoneel.

De oare fertochte, in jonge fan 14, krige earder al hûndert dagen jeugddetinsje oplein. Fan de selstraf binne 45 dagen ûnder betingst. Dy straf wie leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje.

(advertinsje)
(advertinsje)