Plysje docht man út Sint-Anne (32) flybmasker om

08 jul 2020 - 12:54

De plysje hat in flybmasker om 'e holle dien by in man fan 32 jier út Sint-Anne. Neffens de plysje skold er aginten út en woe er se bespuie. Doe waard er oanholden, dêrby hat de plysje geweld brûkt.

Foto: Omrop Fryslân

It ynsidint die him foar op de Weaze yn Ljouwert. De plysje krige in melding fan in ferfelend persoan, dy't bier stie te drinken op strjitte en omstanners útskold. De man krijt in proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder en it drinken fan alkohol op strjitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)