Ljouwerter (51) oanholden foar berôving
De plysje hat in man fan 51 jier út Ljouwert oanholden. Hy hie in 66-jierrige stedsgenoat berôve troch de beurs út de hannen te lûken.
De fertochte pykte dêrnei út op de scootmobyl. De plysje hie in sinjalemint fan de fertochte en kaam derachter wa't it wie, mar se koenen him net fine. Even letter melde de man himsels op it buro, dêr't er oanholden waard.