Pabo-studinten kinne tenei spesalisearje yn jonge bern

08 jul 2020 - 12:30

Hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert begjint takom skoaljier mei in nije spesjalisaasje op de Pabo. Twaddejiersstudinten kinne dan kieze foar fakken wêrby't se har fokusje op de ûntwikkeling en it learen fan jonge bern.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ferskate ûnderwiissaakkundigen rôpen de lêste jierren by it ministearje fan Underwiis op om mear omtinken te jaan foar jonge bern yn de Pabo-opliedingen. NHL Stenden is no ien fan seis hegeskoallen dy't in pilot draaie meie mei dizze spesjalisaasje.

Underbou is oars as boppebou

"Als Pabo-student studeer je generiek af en kun je aan de slag in groep 1 tot en met groep 8", seit Ineke Oenema, lektor Early Childhood oan NHL Stenden. "Kinderen in de onderbouw leren echter op een geheel andere manier dan kinderen in de bovenbouw, weten we uit neurobiologisch onderzoek. Het is gek dat we aan deze neurobiologische ontwikkeling binnen de Pabo nog altijd zo weinig aandacht schenken."

De nije spesjalisaasje set yn septimber dit jier útein. "Alle startende tweedejaars Pabo-studenten worden op dit moment benaderd met de vraag of ze geïnteresseerd zijn in deze route gericht op het jonge kind. De eerste aanmeldingen zijn inmiddels binnen."

Goed foar it hiele ûnderwiis

Oenema hopet dat se sjen litte kin dat dizze spesjalisaasjerjochting fertuten tocht. It moat de studinten motivearje, seit se. "Doel is dat studenten na het eerste jaar kunnen kiezen voor de leeftijdsgroep waarmee ze affiniteit hebben, zodat we hopelijk minder studenten hebben die afhaken." It hiele ûnderwiis soe dêrfan profitearje, neffens Oenema.

Studinten kinne 150 fan de yn totaal 240 stúdzjepunten behelje mei fakken dy't har rjochtsje op it jonge bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)