Waadeilannen posityf oer toerisme yn simmerfakânsje

08 jul 2020 - 12:28

Ein juny wiene de soargen grut op de Waadeilannen. Mei in brief oan steatssekretaris Mona Keijzer fregen de VVV's om rappere ferrommingen, oars soe de ekonomy op de eilannen it net folhâlde. Underwylst binne dy ferrommingen in feit en sjocht de wrâld der in stik positiver út, sa stelt Michel Aaldering, direkteur fan de VVV op Skylge.

MS Friesland by Skylge - Foto: Laura Conijn / ProNews

"Het is veel drukker op Terschelling. Dat hoor ik ook van de andere eilanden. Er is ontzettend veel geboekt. Juli en augustus beginnen beide al aardig vol te lopen. Als je goed zoekt, zul je vast nog wel iets vinden, maar alles begint redelijk volgeboekt te raken", fertelt Aaldering. "We zien ook dat er mensen komen die de eilanden voor het eerst bezoeken."

Oft de skea fan it foarjier, doet't de hoareka ticht moast fanwegen it coronafirus, ynhelle wurde kin is de fraach. "We moeten het straks echt hebben van een goed naseizoen. Ook een mooie zomer gaat helpen. Maar of je alles in kunt halen, hangt ervan af. Discotheken moeten het nu van een terras hebben of een andere uitbreiding. Aan het einde van het seizoen kan de balans pas opgemaakt worden hoe de ondernemers er voor staan."

Twadde weach

It is fansels spannend foar de Waadeilannen oft der wol of net in twadde coronaweach komt. "Je hoopt er natuurlijk niet op, maar mocht het wel gebeuren, dan heb je protocollen en kunnen we daar op inspelen."

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

Michel Aaldering, direkteur fan de VVV op Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)