Aldste brânwachtman fan Fryslân nimt ôfskied

De âldste brânwachtman fan Fryslân Leo Bol naam tiisdei ôfskied fan syn korps op It Hearrenfean. Mear as 37 jier wie hy by de frijwillige brânwacht.
Aldste brânwachtman fan Fryslân nimt ôfskie
Bol waard as ferrassing troch syn korps en famylje opwachte yn it Abe Lenstra stadion en dêrnei meinaam nei de kazerne dêr't boargemaster Tjeerd van der Zwan him taspruts en in kado oerlange.
Omdat Bol 67 is, wie it brânwachtpensjoen net mear tsjin te hâlden. Meastal giet dat yn tusken de 60 en 62 jier. Bol hâldt dan miskien op as brânwachtman, mar sil noch faak op de kazerne te finen wêze. "Ik word barman. Ik ga achter de bar staan tijdens de oefening, dus ik word nog wel even betrokken bij de brandweer."
Ferslachjouwer Willem de Vries wie derby en makke de folgjende sfearreportaazje