Lifeguards op Skier krije nije strânpost

De lifeguards fan de KNRM op Skiermûntseach kinne fan dizze simmer ôf harren wurk dwaan fanút in nije strânpost.
© KNRM
De ôfrûne wike binne de strânwachten wer úteinset mei harren wurk foar dizze simmer. Se lette gewoanwei op de feiligens fan swimmers en oare badgasten. De nije post is neffens de KNRM in hiele foarútgong. It gebou hat in goed sicht op de swimmers, de wetterline en it strân. Ek is der skjinne romte foar EHBO. By de bou fan de post is rekken hâlden mei duorsumens, bygelyks troch it pleatsen fan sinnepanielen.