Liveblog | 8 july 2020

Simmerblog: Simmer yn Kollumerpomp

It is simmer yn Fryslân! Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje.
Lêst bywurke: 9 july 2020, 17:40
woansdei 8 july 2020
18:00

Simmer yn Kollumerpomp

18:00

Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Moarn binne wy der wer, dan is Simmer yn Fryslân de hiele dei yn Easterlittens. Oant moarn!
17:23

De Pompster Ryd Rintocht is populêr

Eltse fiif jier wurdt der yn Kollumerpomp de Pompster Ryd Rintocht organisearre. "De Ryd is in sintraal wetterkear yn Kollumerpomp. Dêr is de tocht nei ferneamd", leit foarsitter Meindert Boschma fan de organisaasje út. "Sintraal yn de rûte is Nasjonaal Park Lauwersmar, in prachtich stikje natuer dêr't je net ûnderút kinne."
Tema dit jier wie 'slykwurkers', om't it foarich jier 50 jier lyn wie dat de Lauwersmar ôfsletten waard. It is in populêre kuiertocht: der dogge meast sa'n 700 minsken mei. "Us útdaging is no om ris oer dy 1.000 te kommen", fertelt Boschma.
Dit jier soe de tredde kear wêze dat de tocht hâlden wurde soe. Mar dat foel spitigernôch yn it wetter, wylst de organisaasje de tocht al foar in grut part rûn hie. De kuiertocht is no ferpleatst nei 2021.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Foarsitter Meindert Boschma fertelt oer de Pompster Ryd Rintocht
16:45

By doarpshûs It Trefpunt binne se bliid dat se wer iepen kinne

Yn de coronatiid hat it doarpshûs fan Kollumerpomp, dêr't ek in sporthal, in bar, snackbar en berne-opfang yn sit, ticht west. Dy tiid waard benut om in nij terras oan te lizzen. Klaas Kuiken, foarsitter fan it doarpshûs: "Frijwilligers hawwe hiel drok dwaande west om de saak op te knappen."
Yntusken stean de doarren fan It Trefpunt wer iepen foar de doarpsbewenners en kinne minsken wer in drankje drinke by de bar. "Yn de wykeinen siet it hjir normaal sprutsen behoarlik fol, mar yn coronatiid koe dat net." Dêrfoar binne yntusken de nedige coronamaatregels en -protokollen foar opsteld. Kuiken: "We wurkje fansels mei frijwilligers en sy moatte wol achter de bar stean wolle. En je hawwe je oan allegear regels te hâlden."
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Doarphûs It Trefpunt
15:39

Brêgehingje

Fierderop yn it doarp dogge bern it spultsje wa't it langste oan de brêge hingje kin. De bern dogge it spultsje wol faker, mar guon fan harren hawwe der hjoed dochs in wiet pak oan oerhâlden.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
15:19

Fred Moustache rikket makriel

Earne yn doarp giet reek op. It is Fred Dorrestijn dy't makriel oan it rikjen is. Hy wurdt ek wol Fred Moustache neamd, fanwegen syn grutte snor. "Ik heb een houten rookkast, die heb ik zelf ooit gemaakt. De vis moet eerst een kwartiertje garen en daarna wordt die een aantal uur op een lagere temperatuur gerookt."
Der binne meardere sportfiskers yn it doarp en dêrtroch komt it wol ris foar dat der mear fisk is as sy op kinne. "We kennen elkaar allemaal. Als de een te veel vis heeft, wordt dat gedeeld met de mannen die een rookkast hebben. Zo doen we dat met elkaar."
Fred Dorrestijn rikket makriel yn it doarp