Kollum: "Grutter"

"Doe't der ferline jier massale aksjes fan boeren wiene, wiene der ek wol boeren dy't net meidiene. Sa fan, as se wat oprêde dêre, dan is it wol goed, mar ik hoech net yn byld.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
By de boere-aksjes fan it wykein wiene der mar in pear persint aksjefierders oer. En der binne in hiel soad lûden fan boeren dy't sizze: we moatte der mei ophâlde, dit keart him aanst tsjin ús. Ek as Tjeerd de Groot dea is, wurdt de wrâld net oars. Dan mar wat minder aaiwyt op bôle.
Ien Keamerlid hat noch besocht de boeren wer massaal yn ûnstjoer te krijen. Baudet. Dy sei dat de regearing in stikem belied fierd om de boeren allegear fuort te krijen. Dan kinne se dy grûn moai brûke foar natuer en wentebou. In 'sluipmoord' neamde hy dat. Hy hat al folle faker noch folle mear ûnnoazele dingen sein. Ik kin samar weromfine dat hy ea sein hat dat der mear wenten oeral yn Nederlân komme moatte om de wenningneed op te lossen. O nee, hy sei dat, as hy de macht krige, dat hy dat regelje soe. Safier komt it net, dus begûn hy op de sosjale media oer sluipmoord.
Likegoed binne der wer in soad lju yntrape. Dy hearden absolút net nei minister Schouten, dy't sei dat soks net wier is. Ik tink dan Carla, anderje sa'n man no net iens, helje de skouders op en praat gewoan troch, krekt as is dy man in hap lucht. Want mear is it echt net. Boppedat witte wy al dat in hjoeddeistige politikus middeis al syn moarnspraatsje ferbetterje moat. Fleksibel wêze hjit dat, mar se sjogge op it heden net mear as fiif minuten foarút. Te koart foar in 'sluipmoord'.
Dêrom lei de Lelylijn ek yn in laad, want dat is in saakje fan fier foarút tinken. Seit de haadredakteur fan de Ljouwerter Krante Sander Warmerdam. Dy leau ik better as Baudet. Sander seit dat je mei de Lelylijn soargje kinne dat der dan folle mear minsken nei de regio, lykas Fryslân en Grins ferhúzje wolle. Miskien. Dêrmei seit hy itselde as Baudet. Net dat it in 'sluipmoord' is, mar dat der goed neitocht is troch de sosjaal-geografen yn ús mienskip.
No, dan kinne we wol efkes meihaffelje. Der wie ferline wike al in rapport dat we 40.000 minsken kwytreitsje sille yn Fryslân. Doe tocht ik noch, ik kin in hiel soad Friezen dy't noch in hûs sykje, en dy hûzen komme dan de kommende jierren beskikber.
Der binne lykwols wer oare wittenskippers, dy't sizze dat aanst de klad yn de wenteferkeap komt, dat de rinte omheech giet, dat der mear wurkleazens komt. Gean sa mar troch. Swarte takomstbylden mei hieltyd ien restriksje: miskien beteart it ek allegear noch wol goed.
As ien grutmacht yn de wrâld in presidint hat dy't de hiele dei neat oars docht as allegear idioatichheden op twitter te setten en in oare grutmacht kiest in presidint dy't tsien jier nei syn dea noch oan de macht is, dan witte we yn it neatige Fryslân absolút net hoe't de wrâld der oer fiif jier hinne leit.
Dus let it ek neat dat we no in belied fêststelle dat der yn Fryslân de kommende fjirtich jier 200.000 wenten by komme moatte. Ja, dat is in knoarre hûzen, mar it hat bliken dien dat fan alle bouplannen dy't we de lêste 40 jier hân ha, de helte net reemakke is. Dus set mar moai in soad op papier.
De besetting fan in went is yntusken gemiddeld 1,8 persoan. Dan hat Fryslân dan sis mar 900.000 ynwenners. Dy binne we dan ryk. Mar we binne ek wat kwyt. As earste grûn foar it spoar en stasjons. Drachten krijt sa'n 90.000 minsken, Hearrenfean komt wol op 50.000 bunders grûn. Ek yn alle doarpen komme omraak wenten by. En Ljouwert fansels.
Mar as der no al fanút doarpen skolden wurdt op Ljouwert dat it de útbou fan har subwiken Techum en Zuiderburen wichtiger fynt as Reduzum en Wytgaard, dan is it frij wis dat we sa'n soarte diskusje oer de takomst absolút net hoege te fieren. Dan kinne we dy trein wol wer yn it ûnderste laad donderje."