Ferbod op trekkers by demonstraasjes boeren: terjochte of net?

07 jul 2020 - 21:15

Veiligheidsregio Fryslân hat terjochte in ferbod op demonstrearjen mei trekkers ynfierd. Dat seit heechlearaar Berend Roorda. Wetlik sjoen mei de Veiligheidsregio beheiningen oplizze oan in demonstraasje. Neffens advokaat Tjalling van der Goot is it demonstraasjerjocht lykwols hillich. It Nederlânsk fakbûn fan melkfeehâlders NMV ropt op om mei in ludikere ynstek fan de aksjes te kommen.

Boereprotest by De Tynje - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De boeren wurdt net ferbean om te protestearjen, seit Roorda, dy't spesjalisearre is yn demonstraasjerjocht. "Het recht om te demonstreren is een groot goed in de rechtstaat. De voorzitter van de veiligheidsregio heeft de boerenprotesten niet helemaal verboden, maar heeft alleen gezegd dat het in deze vorm niet door mag gaan."

Roorda seit dat Jeroen Gebben, plakferfangend foarsitter fan de Veiligheidsregio, de maatregel terjochte opleit. "Volgens mij zijn daar goede gronden voor. Als ik kijk in de Demonstratiewet, daar staat dat de voorzitter van de Veiligheidsregio demonstraties mag beperken. In het kader van drie doelcriteria: bescherming van de gezondheid, het belang van het verkeer of het voorkomen van wanordelijkheden."

Foar de rjochter

"Als ik kijk wat de afgelopen dagen heeft plaatsgevonden, protesten waarbij veel hinder werd ondervonden in het verkeer, de hulpdiensten niet altijd goed door konden rijden en ook vanwege de coronacrisis." Farmers Defence Force hat oankundige it ferbod oan te fjochtsjen, mar Roorda tinkt dat dat net helpe sil. "Ik denk dat het juridisch stand zal houden, als het voor de rechter komt."

Heechlearaar Berend Roorda oer it trekkerferbod

It trekkerferbod is neffens advokaat Tjalling van der Goot in ûnrjochtmjittige ynbreuk op it demonstraasjerjocht. It kin mei sukses oanfjochte wurde, tinkt Van der Goot dy't earder de 'blokkearfriezen' bystie.

"Demonstraasjerjocht is hillich"

Neffens him is it rjocht om te demonstrearjen hillich yn ús lân en moatte je goede redenen ha om dat ôf te nimmen. "It is in grûnrjocht, it is yn de grûnwet fêstlein, it is yn it Europeesk Ferdrach foar de Rjochten fan de Mins fêstlein. Mei oare wurden, dat stiet boppe alle oare rjochten", seit Van der Goot.

De advokaat is net oertsjûge fan de ferkearsfeilichheidsrisiko's by de protesten. "Miskien wol op in grutte dyk, mar net op alle oare iepenbiere plakken. En dat stiet no wol yn it ferbod. Dan sis ik, op basis fan wat ik tink dat de wetlike easken binne: se meitsje nei myn miening in goede kâns."

Advokaat Tjalling van der Goot

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Boeren dy't it ûniens binne mei minister Schouten fan Lânbou hoege net perfoarst mei de trekker de sneldyk op te gean om de oandacht te lûken. It protest moat in oare foarm krije en kin ek folle publyksfreonliker, fynt Harm Wiegersma, dy't sels boer is en foarsitter fan it Nederlânsk fakbûn fan melkfeehâlders NMV. "Der binne ek oare metoaden om aksje te fieren. It kin allegear wol wat ludiker", seit er.

Ludikere aksjes

It begryp fan de boargers foar de boereprotesten liket dizze dagen wat ôf te nimmen. Neffens Wiegersma hat dat te krijen mei it feit dat it om spontane aksjes giet, dêr't amper rezjy achter sit. "Dat is wol in bytsje it manko fan ditsoarte aksjes, it is frij ûnkontrolearre. Ast it wat ludiker dochst en wat mear struktuer deroan joust, datst ek útleist wêrom't de boeren de dyk op gean, dan tink ik dat der seker wol begryp is fan de boargers."

Wol is it neffens Wiegersma dúdlik dat aksje nedich is. It NMV hat earder mei oare lânbou-organisaasje in alternatyf plan oanbean oan minister Schouten om de feefoermaatregel dy't sy oankundige hat fan tafel te krijen. De minister hat dêr lykwols neat mei dien en dêr is Wiegersma net oer te sprekken. "Dat fan ús wie in realistysk plan, it plan fan Schouten fyn ik twa kear niks."

Harm Wiegersma, boer en foarsitter fan it Nederlânsk fakbûn fan melkfeehâlders NMV oer de protesten

(advertinsje)
(advertinsje)