Tal coronapasjinten yn Fryslân nimt ôf nei sân

07 jul 2020 - 17:11

Ut de nijste sifers fan it RIVM docht bliken dat der noch sân minsken yn Fryslân binne dy't besmet binne mei it coronafirus. Dat binne der seis minder as fjirtjin dagen lyn. Fierder docht bliken dat der, krekt as fjirtjin dagen lyn, gjin coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen lizze.

Foto: Shutterstock

It is opfallend dat der yn de gemeente Ljouwert hielendal gjin minsken mear binne dy't besmet binne. By de foarige mjitting wiene der noch 7 coronapasjinten. Der binne no allinne noch pasjinten yn De Fryske Marren (2), Smellingerlân (1), Noardeast Fryslân (2), Achtkarspelen (1) en It Hearrenfean (1). Alle oare gemeenten binne coronafrij. Dit hoege net de werklike sifers te wêzen, omdat net alle minsken mei klachten har teste litte.

Der binne ek gjin nije stjergefallen melden. Dêrmei binne der al in moanne lang gjin coronadeaden fallen yn Fryslân, mar ek dat kin fertekenjend wêze, omdat stjergefallen pas letter registrearre wurde.

Trefwurden: 
GGD RIVM coronafirus COVID-19
(Advertinsje)
(Advertinsje)