Sjitte, fergiftigje en beammen omseagje: de realiteit fan wildlifecrime yn Fryslân

Oer wildlife-kriminaliteit wurdt amper yn it iepenbier praat, mar it is in publyk geheim en bart oeral yn de provinsje. It giet dan bygelyks om it streupen, fangen of deameitsjen fan wylde bisten. Dat deadzjen wurdt bygelyks dien om greidefûgels te beskermjen tsjin rôfbisten. Effektive bestriding fan dizze foarm fan kriminaliteit blykt dreech te wêzen.
Wildlifecrime
In soad tafersjoch op dizze kriminaliteit is der net, de tafersjochhâlders fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) moatte it dwaan mei 300 oeren. Hanthavener Yvo Muller fan de FUMO nimt ús mei nei in boskje by Fonejacht, dêr't mûzebiters al jierren besykje piken grut te krijen.
"Hjir sjogge je in beam dy't omseage is", wiist Muller oan. "Earst hawwe sy noch gif jûn en letter hawwe sy de beam omseage." Dêr is it net by bleaun, der is ek alris sketten op in nêst. It is in foarm fan kriminaliteit dy't ek wol wildlifecrime neamd wurdt. It bart oeral yn Fryslân en de pakkâns is lyts.
Efkes fierderop yn itselde boskje sjogge wy wat der oer is fan in nêst dat út de beam stutsen is. As lêste komme wy in yn dizze maitiid omseage beam tsjin. De mûzebiter hat ûnderwylst wer in nij nêst makke, mar sa let yn it jier is de kâns op sukses hiel lyts.
In mûzebiter op in pealtsje © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Under wildlifecrime falle ûnder oare it streupen fan wyld en fisk en it yllegaal fangen, hâlden en dea meitsjen fan wylde bisten. Dan kin it gean om in stienmurd dy't foar oerlêst soarget, mar ek de yllegale bestriding fan rôfbisten om greidefûgels te beskermjen.

Publyk geheim

"It is in publyk geheim", seit immen mei in behoarlik sintrale rol yn de greidefûgelbeskerming oer wat der him ôfspilet yn dy wrâld. As de mikrofoan útstiet, wurdt der noch wolris wat loslitten oer dizze praktiken, lykas it foar in part útheljen fan in nêst fan brune hoanskrobbers of it yllegaal ynsetten fan fangkoaien.
"Dan krije jo in ûntwikend antwurd. Ik fertel de wierheid net", waard koartlyn sein, doe't in fraach hjiroer oankundige waard by it meitsjen fan in ôfspraak foar Omrop Fryslân yn in greidefûgelgebiet dêr't it ferrassend goed giet. De ôfspraak waard úteinlik ôfsein, omdat der nei yllegale rôfbistebestriding frege wurde soe.

'Ons-kent-ons'-kultuer

De 'ons-kent-ons'-kultuer makket it ek dreech foar hanthaveners om achter diederynformaasje te kommen, sizze se by de FUMO. De opspoaring freget boppedat spesjalistyske kennis en yn it iepen bûtengebiet ûnopfallend wurkje om dieders te betraapjen falt ôf. De dieders wurde ek hieltiten ynventiver.
It kostet allegearre in hiel soad tiid en it smyt, mei troch de beheinde kapasiteit, net it measte op.
Wat der oerbleaun is fan in útstutsen nêst fan in mûzebiter © FUMO
By de FUMO wurde der jierliks 300 oeren foar de bestriding fan wildlifecrime útlutsen, mar sûnt de herfoarming fan de nasjonale plysje is dy noch mar kwealik aktyf op it mêd fan wildlifecrime. "As je it my freegje, is de kapasiteit wat te min", seit ek Yvo Muller. "It is hiel spitich dat de plysje har weromlutsen hat. Der binne noch in pear minsken by it miljeuteam dy't harren hjir mei dwaande hâlde. Ien om earlik te wêzen", laket er. "Dy hoecht ek net lang mear, dus ik tink dat út de plysje wei de rol fan it miljeuteam hast ophâldt."

Toezichtskring Natuurhandhaving

Dat wol neffens Muller net sizze dat allinnich de FUMO noch aktyf is yn it fjild. "Wat wol sa is, is dat wy in gearwurkingsferbân hawwe: de Toezichtskring Natuurhandhaving. Dêryn wurkje wy gear mei de bysûndere opspoaringsamtners fan It Fryske Gea, Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer. Sportvisserij sit der ek noch wolris by en de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit", fertelt Muller.
"Wy hawwe wol minsken dy't sa no en dan optrommele wurde kinne, mar it bart yn de hiele provinsje en der is relatyf net in soad tafersjoch. Wy kinne net achter eltse beam dêr't in nêst yn sit in tafersjochhâlder of in boa sette."
In mûzebiter © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It is dreech te sizzen hoefolle wildlifecrime der foarkomt, allinnich dat it oeral yn Fryslân bart. Yn it ferline waard geregeld sein dat Fryslân koprinner wie hjiryn. Muller is dêr no net wis fan.
"Ik tink ek dat it dermei te krijen hat dat der yn Fryslân in hiel soad op let wurdt en der yn de oare provinsjes wat minder nei sjoen wurdt. Ik tink dat wy net alles yn byld ha en dat der in hiel soad dingen barre, omdat wy it net sjogge. En ik tink dat it wol wat grutter is as de minsken tinke. It kin ek sa wêze dat minsken it 'ûnbewust' dogge, omdat sy tinke dat in bist net beskerme is."