Ferwâlde krijt jild foar ferbouwing basisskoalle ta doarpshûs

Ferwâlde krijt 50.000 euro subsydzje fan it Waddenfonds foar de ferbouwing fan de âlde basisskoalle ta doarpshûs. Dêrmei moat de leefberens yn it doarp grutter wurde.
© Google Streetview
It skoalgebou wurdt sûnt fjouwer jier brûkt as doarsphûs, mar hat noch echt it karakter fan in skoalle. Doarspbelang wol der graach in smûk moetingsplak fan meitsje, mei in bar en in goede keuken. Ek moat der mear opslachromte komme.
De ferbouwing kostet mei-inoar goed twa ton.