Snitser 'terrorist' woe op Binnenhof deasketten wurde troch de plysje

De 39-jierrige Ramon A. út Snits, dy't der fan fertocht wurdt dat hy op 8 febrewaris in terroristyske oanslach plege woe op it Binnenhof, woe by syn die deasketten wurde troch de plysje. Dat ferklearre de fertochte tiisdei yn de rjochtbank yn Den Haag.
It Binnenhof © Shutterstock.com
De man tinkt dat hy nei alle gedachten in psychoaze hie of paranoïde wie doe't hy de trein nei Den Haag naam om in selsmoardoanslach te pleegjen. "Ik was van plan het Binnenhof te bestormen met twee messen. Mijn doel was te worden neergeschoten door de politie", fertelde de fertochte. "Ik was in een waan."
A. wie op de maresjaussee ôfstapt foar de yngong fan de Earste Keamer en soe sein ha dat hy in terrorist wie. De maresjaussee sloech grut alarm, arrestearre de man en liet it Binnenhof ûntromje. De Eksplosiven Oprommingstsjinst Definsje kaam der oan te pas om syn rêchsek te ûndersykjen. Nei fiif kertier fûnen se dêryn twa fleismessen, in pear itensiedersboeken en wat fitnessklean.

Psychyske help

It Iepenbier Ministearje fertinkt de man derfan dat hy fan plan wie politisy te deadzjen. Syn advokaat hat by eardere sittingen altyd úteinset dat A. psychyske help nedich hat. Se hat de rjochtbank frege him noch dizze wike opnimme te litten yn in klinyk. De rjochtbank hat dêr tiisdei gehoar oan jûn by de behanneling fan de saak. De fertochte wurdt kommende tongersdei opnaam op de forinsysk psychiatryske ôfdieling Frjentsjer fan GGZ Fryslân.
De man waard yn desimber opnaam yn it Pieter Baan Sintrum. Dat konkludearret ûnder mear dat de fertochte net altyd beseft hokker psychyske problemen hy hat. It PBC stelt dat it misdriuw de man net oanrekkene wurde kin. It PBC advisearret de rjochtbank in langduorjend behanneling by in psychiatrysk sikehûs.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak yn de saak.