Liander reparearret elektrisiteitsnet nei achttjin steuringen yn ien wykein

07 jul 2020 - 11:14

Liander sil de kommende dagen reparaasjes oan it Fryske elektrisiteitsnet ferrjochtsje. Fryslân hie benammen yn it wykein fan 27 juny te krijen mei in soad stroomsteuringen. Yn totaal moasten monteurs fan Liander achttjin kear útride yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It die earder al bliken dat de steuringen te krijen hawwe mei de waarme en drûge perioade. Troch it simmerske waar wurde kwetsbere ferbiningsstikken tusken de kabels te waarm en falle se út. "Troch de klimaatferoaringen rinne de temperatueren omheech. By tritich graden of heger piipje se der tuskenút", seit Oeds Kuipers fan Liander.

Mar der is ek noch in oare oarsaak. "We sjogge op dit stuit sa'n soad inisjativen fan duorsume enerzjy. By moai waar soargje de sinnepanielen foar enoarme belesting op it netwurk en dan giet it soms mis", sa seit Kuipers.

Technisy

De technisy hienen de steuringen yn earste ynstânsje oplost mei omliedingen. Om it elektrisiteitsnet wer yn de oarspronklike steat werom te bringen reparearret Liander de kommende dagen de ferbiningsstikken.

Dat is sa'n grutte put dat der monteurs út oare dielen fan it lân nei Fryslân komme moatte om mei te helpen.

Trefwurden: 
stroomsteuring Liander
(advertinsje)
(advertinsje)