Demonstrearje mei trekkers wurdt ek yn Fryslân ferbean: "De tiid fan warskôgjen is foarby"

Yn Fryslân komt in ferbod om mei trekkers op iepenbiere diken te demonstrearjen. Dat hat de Veiligheidsregio tiisdei besletten. Mei lânbouark op de dyk protestearje soarget foar gefaarlike situaasjes en dêrom wurdt dit beslút naam.
Demonstrearje mei trekkers wurdt ek yn Fryslân ferbean
Boeren meie wol op in oare wize protestearje. Ek de provinsjes Grinslân en Drinte hawwe sa'n trekkerferbod. Moandei binne yn de stêd Grins al twa boetes útdield, It ferbod jildt oant moandei 13 july om 07.00 oere.
"Demonstrearje mei, lit ik dat foaropsette," seit Jeroen Gebben, boargemaster fan Tytsjerksteradiel en plakferfangend foarsitter fan de Veiligheidsregio. "Mar blokkearje wolle wy sjoen de ferkearsfeiligens net mear." Probleem is dat de Veiligheidsregio gjin goed kontakt mei de organisatoaren ha kin. "Trochdat it net kontrolearre en net organisearre is kinne wy net mei de boeren yn petear. Wy wolle graach mei harren yn kontakt stean, dat bart no net en dêrom nimme wy dizze maatregel."
Gebben seit dat de maatregel strang hanthavene wurde sil. "Warskôgjen, dy tiid is foarby. Der wurdt ekstra plysje ynset, ik wit ek dat dat al bart."
Boeren op It Hearrenfean © René Wiegmink / ProNews
Jeroen Gebben oer de maatregel
Nettsjinsteande it ferbod sille de boeren gewoan trochgean mei harren aksjes. "We zijn in druk overleg wat we gaan doen, maar we stoppen niet," seit Mick Tinga, ien fan de foaroanmannen fan de aksjes fan ôfrûne tiid. "De boeren zijn het zat. Er is nu een halfjaar lang gepraat. Den Haag luistert nergens naar en doet niks voor de boeren. Nu komt er ineens een voermaatregel, dat we minder eiwit moeten gebruiken."
Neffens Tinga wurde de aksjes fan de boeren oerdreaun. "Ik vind dat alles een beetje uitvergroot wordt. We zijn donderdagavond begonnen toen hebben we een rondje door Fryslân gereden, zijn we niemand tot last geweest, en was de groep niet zo groot. Zaterdag was de groep wat groter, maar maren we ook niemand tot kwaad."
Boer Mick Tinga oer it ferbod