Cambuur nimt Jasper ter Heide fergees oer fan Ajax

07 jul 2020 - 10:25

SC Cambuur hat de seleksje foar it kommende seizoen fersterke mei Jasper ter Heide. De middenfjilder, dy't ek as fleugelferdigener spylje kin, komt fergees oer fan Ajax en tekenet in kontrakt foar twa seizoenen. Ter Heide hie yn Amsterdam noch in kontrakt oant de simmer fan 2021.

Cambuur nimt Jasper ter Heide fergees oer fan Ajax

Cambuur hoecht dus net te beteljen foar Ter Heide, mar Ajax hat wol in trochferkeappersintaazje ôftwongen. Dit betsjut dat as Cambuur de spiler yn de takomst ferkeapet, der in part fan de opbringst nei Ajax giet.

De 21-jierrige Ter Heide spile spile yn de ôfrûne twa seizoenen foar Jong Ajax. Hy kaam yn totaal 31 kear yn aksje yn de Keuken Kampioen Divisie. Yn dizze wedstriden skoarde hy twa kear en joech hij trije kear in assist.

Jasper ter Heide - Foto: www.orange-pictures.nl

Earste nije spiler

"Jasper stond al langer bij ons op de radar en is een speler met veel potentie. Hij heeft een gedegen opleiding achter de rug en kan zowel als rechtsback en verdedigende middenvelder uit de voeten. Dat in combinatie met zijn enorme drive en fijne persoonlijkheid maakt dat hij een zeer welkome versterking is", sa seit technysk manager Foeke Booy.

Ter Heide is de earste echt nije spiler fan Cambuur foar it nije seizoen. Earder dizze simmer lei Cambuur al wol Sven Nieuwpoort, Sonny Stevens en Robert Mühren fêst. Nieuwpoort en Stevens hiene in ôfrinnend kontrakt, wylst Mühren op 'e nij hierd wurdt fan Zulte Waregem.

(Advertinsje)
(Advertinsje)