Liveblog | 7 july 2020

Simmerblog: Simmer yn Noardwâlde

It is simmer yn Fryslân! Dizze simmer meitsje de ferslachjouwers fan Omrop Fryslân in acht wiken lange toer troch ús provinsje.
Lêst bywurke: 8 july 2020, 10:46
tiisdei 7 july 2020
18:00

Simmer yn Noardwâlde

18:00

Ein fan dit simmerblog

Wy slute it simmerblog ôf foar hjoed. Moarn binne wy der wer, dan is Simmer yn Fryslân de hiele dei yn Kollumerpomp. Oant moarn!
17:50

't Buurthuus

It mienskiplike sintrum fan Noardwâlde is 't Buurthuus. "Sinds vijf jaar wordt er heel veel georganiseerd in 't Buurthuus en is echt een dorpscentrum", seit foarsitter Jan de Vries. "Het was geen dorpscentrum, er zat een commerciële uitbater in, toen vroeg de gemeente aan het dorp: wat willen jullie? We wilden meteen maatschappelijk iets te betekenen." It groeide út nei in plak wêr't it doarp byinoar komt.
De Vries hat noch wol in puntsje wêr't it doarp oan wurkje kin. "Het is een dorp met veel mogelijkheden, maar dat er nog iets te vele mensen zijn die die mogelijkheden nog net niet genoeg gebruiken."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn 't Buurthuus
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
16:57

De Stoel

Ien fan de wichtigste plakken yn Noardwâlde is it Nationaal Vlechtmuseum. "Je ziet hier prachtige stukken, allemaal van vlechtwerk, manden, wiegen, stoelen, en noem maar op", fertelt direkteur Ivan van Nieuwenhoven." In de jaren '60 stond in bijna iedere woonkamer wel een setje rotanstoelen."
Ien fan de topstikken yn it museum is de stoel út it telefyzjeprogramma De Stoel fan Rik Felderhof. "Heel herkenbaar ging hij er altijd naartoe met de stoel op het dak van zijn auto. Je ziet ook aan deze stoel, hij is licht beschadigd, dus hij is waarschijnlijk tijdens een van zijn reizen van het dak afgedonderd."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek yn it Nationaal Vlechtmuseum
16:05

Koersbalje

Yn Noardwâlde wurdt fansels ek sporten. Yn 't Buurthuus wurdt geregeld koersbal dien, in sport dy't wol wat op jeu de boules liket. "Binnen Noordwolde is het belangrijk dat de ouderen actief zijn. We hebben daarom een koersbalvereniging opgericht", fertelt Piet.
De Noardwâldsters ha in soad nocht oan it koersbaljen, seit Helen. "De gezelligheid en de lol die je hebt is mooi. Ik woon hier nog niet zo lang, dus dan is het helemaal leuk om wat contacten te krijgen."
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek besiket koersbal
15:40

In plestiken oseaan

Noardwâlde hat in orizjinele wize fûn om plestik ôffal op te romjen. Fan de rommel wurdt in keunstwurk fan in oseaan makke.
It projekt is ûnderdiel fan it jeugdwurk yn it doarp. "Ze kunnen zich bij ons lekker thuis voelen, allerlei leuke dingen doen, zoals dit project."
De plestiken oseaan fan Noardwâlde