Piet Paulusma: 'Eks-orkaan Edouard komt ús kant op'
De eks-orkaan 'Edouard' komt ús kant op. Dat seit waarman Piet Paulusma. Dat sil sa't it no stiet in soad ynfloed ha op it waar fan tongersdei en freed, tinkt Piet. "It kin wol ris in feninige depresje wurde mei kâns op in soad rein en stoarmeftich waar", seit Paulusma.
De presise útwurking is lykwols noch net dúdlik. "Dat hinget ôf fan de koers fan dizze depresje. It kin in simmerstoarm wurde dy't passearret, mar it kin ek frij rêstich bliuwe", seit de waarman.