Rûnliedingen Hegebeintum nettsjinsteande sloop besikerssintrum wer fan start

07 jul 2020 - 09:07

De rûnliedingen by de terp fan Hegebeintum gean wer fan start. It besikerssintrum fan de terp waard ôfrûne moanne sloopt om plak te meitsjen foar in nij sintrum.

Hegebeintum - Foto: Shutterstock.com (Harrie Muis)

Besikers wurde fanwegen de nijbou no earst ûntfongen yn de tsjerke. Freed is de earste rûnlieding sûnt de sloop fan it besikerssintrum.

(Advertinsje)
(Advertinsje)