Arriva en oare regionale ferfierders starte juridyske proseduere tsjin monopoly NS

Arriva en fjouwer oare regionale ferfierders starte in juridyske proseduere tsjin it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. De bedriuwen binne it net iens mei it beslút om de NS ek nei 2025 riden te litten op de wichtichste spoarlinen.
Arriva en juridyske proseduere tsjin monopoly NS
Steatssekretaris Van Veldhoven ferlinge ôfrûne moanne de ferfierskonsesje dy't yn 2024 ôfrint, omdat se fynt dat de NS goed prestearret en dêrneist betelber en tagonklik is.
Arriva en de oare ferfiersbedriuwen krije hjirtroch oant 2035 gjin kâns op de wichtichste rûten yn Nederlân. Neffens Arriva wie it beslút fan de steatssekretaris ûnkrekt, oerhastich en yn striid mei de Europeeske regeljouwing.
De ferfiersbedriuwen stappe no earst nei de bestjoersrjochter. De proseduere moat dizze moanne úteinsette. Dêrnei soenen de bedriuwen ek noch nei de Europese Kommisje stappe wolle.
© Evert Pultrum
Neffens Arriva en de oare ferfiersbedriuwen is it beslút fan de steatssekretaris yn striid mei de Europeeske regeljouwing en giet it ta skea fan de reizger, omdat der te min konkurrinsje is.
"Konkurrinsje op it spoar, en dat jildt foar elke bedriuwstak, is yn it belang fan de klant, yn dit gefal de reizger", seit direkteur Anne Hettinga fan Arriva. "De klant hat der belang by dat partijen prikele wurde 'over en weer' om it better te dwaan."
Direkteur Anne Hettinga fan Arriva