Kollum: "Stairway to Heaven"

07 jul 2020 - 08:16

"Skriuw net oer dyn húsdier, dat is ûnder auteurs in soarte fan geheime regel. It is foar dysels hiel leuk om allegear fêst te lizzen, mar foar de lêzer is soks net echt boeiend. Ik sil dan ek mar net oer ús katten skriuwe, no ja, miskien in bytsje, sa sydlings, en dat dan mar ferfrisselje mei de grutte tema's fan it bestean: Leafde, Religy en Dea.

Arjan Hut - Foto: Jacob van Essen

Wy ha in kat dy hjit fan Ahinata. Dy namme ha we har net sels jûn. Krekt wat mear as tsien jier lyn hiene we thús in nestke mei kittens. Grutte wille fansels, moai foar de bern om ris mei te meitsjen, mar we koene se net hâlde. We ha nije baaskes socht. Dat foel net ta, mar we rekken se allegear kwyt, op ientsje nei. In lapkekat, in lyts wyfke.

Lex hiene we ris troffen yn de stêd. In man tsjin de sechstich, mei in keale holle en in tsjok aksint. Hy wie in echte 'Liwwadder', mar brocht it grutste diel fan syn bestean troch yn Nij-Seelân. Undernimmer, sjef-kok, avonturier, jetsetter, wat hie er nét by de ein hân? Hy koe it moai opsizze, mei syn Kiwi-tongfal. Ryk hie er west, seks, drugs en rock & roll. Hy wie ek kok yn it fleantúch fan Led Zeppelin.

Lex woe wol in kitten ha. Hy kaam by ús thús om it katsje te besjen. Doe joech er har in namme: Ahinata, in Maory-fariaasje op Anita. Lex fertelde dat er troud wie mei in Maory-frou. Sy stoar oan kanker. Ahinata hie de grutte leafde fan syn libben west. Hy naam it kittentsje net drekst mei. Earst moast er in kattebak en alles klearmeitsje yn syn flat op de alfte ferdjipping. Lex wenne ticht by de himel. Yn syn wenkeamer stie in Boeddha-byld

We wisten dat Lex siik wie. Hy kaam werom nei Ljouwert om hjir te stjerren. Hie koe babbelje as de bêste, en it slagge gauris om fan dokters ladingen medisinen los te te praten. Troch syn feestlike ferline moast er batsen pynstillers brûke om der noch wat fan te fernimmen. Ahinata hat er nea ophelle. De earste kear dat we wer fan him hearden, siet er yn in ynrjochting. We ha op besite west. Lex liet al syn pillen sjen. We ha it net mear oer de kat hân.

Yn de jierren dêrnei belle er noch wolris by ús oan. Mei in elektrysk karke riedt er troch de stêd. Stevige rekferbannen om 'e kûten, skier om 'e snút. Hy hie gedoente mei it sikehûs, mei de gemeente, mei de autoriteiten yn Nij-Seelân. It papierwurk hie er by him. Alle kearen as we him seagen, wie it neffens him foar it lêst. Earst wiene we oerstjoer, mar nei in pear jier tocht ik, hy is in swetskont.

Ofrûne winter, Lex belle, hy woe ús noch ien kear sjen. It rûn no echt op it lêst mei him. Myn frou hat by him west, ik tocht, we sjogge him wol wer. Mar nee. Yn de wike foar de krystdagen wie syn kremaasje. Dêr troffen we guon fan syn oare freonen en syn famylje. Alle ferhalen wiene wier. Hy hie sels de kant-en-klare maaltijd útfûn.

Ut de erfenis krigen wy syn Boeddhabyld. We binne krekt ferhuze en ha no in souder mei in fêste trep. Boppe-oan in plateau en dêr ha we it byld delset. De katten binne al wend oan it nije hûs. Se ha allegear in eigen plakje om te dodzjen. Ahinata hat har plakje fûn op souder. Se kin dêr oeren lizze, ticht by de himel, op it plateau njonken it Boeddha-byld fan de man dy't har neamde nei de leafde fan syn libben."

De toan fan Arjan Hut

Trefwurden: 
De Toan fan Arjan Hut
(advertinsje)
(advertinsje)